has gloss | fry: De Alderheljenfloed fan 2006 wie fan 31 oktober op 1 novimber 2006. Noard-Nederlân en Dútslân waarden troffen troch de swierste stoarm sûnt 1991. By Delfsyl is in wetterstân mjitten fan 4,83 m boppe NAP, de heechste wetterstân ea. It foarrige rekord datearre fan 1825, doet by de stoarmfloed fan 1825 mear as 800 deaden foelen. Op de pier fan Holwert wêrt de fearboat nei It Amelân fertrekt, dreaunen troch de stoarmfloed auto's de Waadsee yn. Yn Marrum ferdronken yn in kwelder tweintich hynders, mear as hûndert oaren wienen troch it troch de stoarm feroarsake hege wetter ynsluten. Troch de sûnt it Deltaplan ferhege diken wienen deûndanks de hege wetterstannen buinnendyks gjin oerstreamings yn Fryslân. |