| has gloss | fry: Eltse flinter begjint mei in aai. Flinteraaien kist sjen mei it bleate each. Sels de aaien fan de lyste flinters binne relatyf grut. Flinteraaien kinne fan 0.2 oant 4 mm lang wêze. Flinteraaien hawwe in skaal. Dy skaal bestiet út in lyts laachje mei waaks. De waaks foarkomt dat it aaike útdroeget. Dizze waaks wurdt in oantal oeren nei it lizzen droech. Krekt leine aaikes binne faak giel of grien, letter krije se harren einkleur. Elts aai hat hiele lytse gatsjes. It doel fan dy gatsjes is om it sperma de kâns te jaan om yn it aaike te kommen en it aaike te befruchtsjen. De embryo is omjûn troch aaigiel. |